Dreech om bern op te bringen

11 jun 2006 - 12:48

Yn Skarsterlân binne relatyf in soad âlders dy 't sizze dat se it hiel dreech fine om de bern goed grut te bringen. Dat docht bliken út gegevens fan de Thússoarch en de GGD.

Yn ferliking mei oare gemeenten hat Skarsterlân net in hiel soad probleemjeugd. Dochs wol it kolleezje struktureel ien ton útlûke foar in jongereinbelied dat benammen rjochte is op it foarkommen fan problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)