Partoer Rinia wint yn Hallum

10 jun 2006 - 16:25

It partoer fan Robert Rinia, Tjitte Bonnema en Taeke Triemstra hat freed yn Hallum de útnoegingswedstriid op syn namme skreaun. Yn in spannende finale waard mei 5-5 en 6-2 wûn fan Sibbele Lootsma, Jan Willem van Beem en Pier Piersma troch in sitbal fan Robert Rinia.

De tredde priis wie foar Erik Seerden, Herman Sprik en Chris Wassenaar. Taeke Triemstra waard útroppen ta kening fan de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)