Poppe deabiten troch hûn

10 jun 2006 - 12:51

Op De Gordyk is in poppe fan acht dagen âld thús stoarn. De hûn fan de famylje hat it jonkje út de widze helle en deabiten. De mem (28) seach tongersdeitenacht dat har berntsje net mear libbe. De heit (35) belle plysje en ambulânse. Hy sette syn hûn, in husky, út hûs.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de hûn de poppe deabiten hat. It bist ís ôfmakke. De âlden wurde troch famylje en helpferlieners opfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)