Ielaak wurdt yn Heech boud
Yn Heech wurdt drok boud oan in replika fan in histoaryske ielaak. Heech wie yn it ferline in plak mei in soad ielfiskers. Dy brochten de fisk nei de fangst nei Londen foar de ferkeap.
De replika wurdt makke troch learling-skipsbouwers. It giet om in learprojekt. Yn novimber ferline jier is begûn mei de bou, it skip moat yn 2008 klear wêze.