Smellingerlân krijt lokale omrop

09 jun 2006 - 15:51

Smellingerlân krijt meikoarten wer in lokale omrop foar de gemeente. Nei't ferline jier de lokale omrop fallyt gong, moasten de ynwenners fan de gemeente it dwaan sûnder lokale omrop.

In groep âld meiwurkers fan de omrop hat no oerienstimming berikt mei de gemeente oer in mediaplan en in subsydzje. De nije lokale stjoerder hjit Smelne FM. It stânplak is Drachten. Der wurdt gearwurke mei ROC Friese Poort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)