Kameleon bêste bernefilm Israël

08 jun 2006 - 23:19

'De skippers fan de Kameleon' is bekroand as bêste bernefilm op it Filmfestival fan Israël. Dat hat regisseur Steven de Jong tongersdei bekend makke. De sjuery bestie út Israëlyske bern.

De film waard op it festival yn badplak Eilat fertoand yn twa ferzjes: in Nederlânsktalige ferzje mei Ingelske ûndertiteling en in ferzje dy't live yn it Hebrieusk oerset waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)