Mearderheid rie foar Nij Saailân

© Omrop Fryslân
In grutte mearderheid fan de gemeenteried yn Ljouwert is woansdei akkoart gongen mei de plannen foar it Saailân. De opposysjepartijen FNP, SP, NLP en ChristenUnie stimden tsjin. Ek ien PvdA'er en ien VVD'er diene dat.
De winkels en it nije Frysk Museum komme dus gewoan op it Saailân. In referindum oer de kwestje mislearre om't der net genôch minsken tsjin stimd hiene. Wol wiene der folle mear minsken tsjin as foar de plannen.