NHL-studinten nei Viëtnam

08 jun 2006 - 21:42

Studinten fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert sille takom jier nei Viëtnam om te helpen mei ûnderwiis- herfoarmings yn it lân. It heger ûnderwiis yn it kommunistyske Vietnam slút no net goed oan by it wurk dat de studinten letter dwaan moatte.

Dêrom hat it lân yn it Westen om help socht en is sa ûnder oare terjochte kaam by de NHL. Ferline jier hat in tal dosinten al nei in universiteit yn it noarden fan Viëtnam west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)