B&W net posityf oer sintrale

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân binne net posityf oer de plannen foar in reststoffe- enerzjysintrale yn de gemeente. Dat is in sintrale dy't enerzjy opwekt út ôffal. Ekopark De Wierde by Aldehaske is ien fan de lokaasjes dy't Omrin foar sa'n sintrale op it each hat.
Omwenners fan ekopark De Wierde meitsje har soargen oer de komst fan sa'n sintrale. Neffens B&W past de sintrale net op dat plak.