Plannen sintrum H'fean oanpast

© Omrop Fryslân
De plannen foar it ôfsluten fan it sintrum fan It Hearrenfean binne oanpast nei't winkeliers en bewenners der opmerkings oer makke ha.
Oanlieding foar de ôfsluting is de oerlêst oerdeis fan frachtferkear en nachts fan autoferkear troch de winkelstrjitten. De âldere bewenners yn it sintrum krije in ûntheffing. Sy kinne dan noch it sintrum ynride. De ferwachting is dat de wurksumheden foar de ôfsluting ein 2006 starte.