Mooglik dochs oanpak Jabikskrûd

© Omrop Fryslân
It foar fee giftige Jabikskrûd wurdt mooglik dochs better oanpakt yn Fryslân. Op it stuit bart dat net, om't de provinsje fynt dat de bestriding goed genôch is. In mearderheid fan de Steateleden is it dêr net mei iens.
It Jabikskrûd is gefaarlik foar fee, lykas kij en hynders. Dy kinne deagean as se ite fan hea dêr't it plantsje ynsit. De FNP yn Fryslân wol dat de bestriding hjir goed fan de grûn komt.