Auto stellen út showroom

© Omrop Fryslân
Ut de showroom fan in garaazjebedriuw út De Blesse is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in auto stellen. It giet om in blauwe Audi A4. De dieders kamen yn it gebou troch in rút yn te tikjen.
Dêrnei ha se de kaaien pakt en binne se fuortriden mei de auto. In 49-jierrige ynwenner fan De Blesse hat oanjefte dien fan de stellerij. De plysje ûndersiket de saak.