Fuotbalflyer tsjin oerlêst

08 jun 2006 - 10:02

De gemeente Wûnseradiel komt mei in spesjale fuotbalflyer om oerlêst troch jongerein yn Makkum foar te kommen. De flyer spilet yn op it WK yn Dútslân troch in oantal gedrachsregels yn fuotbalopstelling te presentearren. De regels binne yn twa talen opstelt, Dútsk en Hollansk, om ek de Dútske jongerein op de regels te wizen. Yn de flyer steane regels op it mêd fan alkoholgebrûk, lûdsoerlêst en geweld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)