File Ofslútdyk wer oplost

© Omrop Fryslân
Ferkear dat fia de Ofslútdyk ús provinsje yn woe, moast woansdeitemiddei lang wachtsje. De slachbomen by Koarnwertersân woene net mear omheech. It duorre langer as twa oeren foar't de problemen oplost wiene.
Op it hichtepunt fan de ellinde stie der in file fan mear as seis kilometer. Rykswettersteat moat noch ûndersykje hoe't it kin dat de slachbomen net omheech woene.