SCO noch haadklasser

08 jun 2006 - 09:19

De kuorballers fan SCO fan Aldeholtpea binne noch altyd haadklasser. Yn de lêste wedstriid woansdeitejûn yn de degradaasjegroep spile de ploech fan trener Sake Koelma yn Arnhem tsjin Oost Arnhem. It waard 13-13.

Troch dit resultaat moat SCO no snein tsjin de nûmer twa fan de oare degradaasjegroep Koog Zaandijk spylje. De winner fan dizze twastriid yn Noardhollân bliuwt yn'e haadklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)