Oergong Alves noch net wis

© Omrop Fryslân
It is noch hieltyd ûnwis oft oanfaller Afonso Alves nei sportklup Hearrenfean komt. De oanfaller fan de Sweedske klub Malmö is persoanlik al akkoart mei Hearrenfean, mar Alves, Malmö en de saakwaarnimmer fan Alves kinne it net iens wurde.
Foarsitter Van der Velde woe op syn lêst tiisdei útslútsel hawwe oer de oergong, mar de saakwaarnimmer en Alves hawwe om mear tiid frege.