Nawijn poerlilk op Brouwer

© Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn hat spul mei prokureur-generaal Harm Brouwer oer de saak Vaatstra. Brouwer dy't de heechste baas fan it Iepenbier Ministearje is, hat grutte krityk op de hannelswize fan Nawijn.
Nawijn is sels begûn mei in ûndersyk nei de moard op Marianne. Neffens Brouwer besoarget Nawijn de famylje Vaatstra in soad pine troch alles wer boppe te heljen. Nawijn is poerlilk en easket ekskuzes fan Brouwer.