Jong Indonesië hat gjin fisum

07 jun 2006 - 23:29

It traningskamp fan it Olympysk alvetal fan Indonesië yn Nederlân is útsteld. Bûnscoach Foppe de Haan fan Jong Oranje soe tegearre mei Gert Kruys de Indonesiërs begeliede. Mar it Indonesyske tiim noch gjin fisum om nei Nederlân te reizgjen.

De Haan tinkt dat it wol klear komt mei it fisum, mar it hat wat mear tiid nedich. De Haan fynt it útstel net slim; hy hat no wat mear tiid om nei te genietsjen fan it EK yn Portugal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)