Fryslân camper-ûnfreonlik

07 jun 2006 - 17:36

Fryske gemeenten binne net camperauto-freonlik. Der binne gjin goeie fasiliteiten foar dizze kampearders, dy't leaver net op gewoane campings steane. Dat seit de Nederlânske Camperautoklub.

Op dit stuit ride 100 Frânske campereigners troch Fryslân op útnoeging fan de Nederlanners. De Nederlânske klub besiket oeral wêr't se komme de situaasje foar de campers te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)