Ynternetbankiere wer mooglik

07 jun 2006 - 16:39

In part fan de klanten fan de Friesland Bank kin wer bankiere fia ynternet. Troch in technyske steuring wie dat fjirtjin dagen lang ûnmooglik. Klanten dy't der wer gebrûk fan meitsje kinne, krije persoanlik berjocht fan de bank.

Nei alle gedachten kin elkenien freed wer banksaken fia ynternet dwaan. Oant dy tiid binne de kantoaren fan de bank noch iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)