Spoar net troch Weststellingwerf

07 jun 2006 - 15:14

It Suderseespoar mei net troch de gemeente Weststellingwerf rinne. Dat hat de gemeente tiisdei bepaald. It spoar soe te folle negative gefolgen hawwe foar de lânbou, it miljeu en de iepen romte yn Weststellingwerf.

In eventueel nij spoar kin it bêste by de besteande ynfrastruktuer del, fynt de gemeente. Dat soe betsjutte in Suderseespoar westlik fan de Tsjûkemar, fia Hearrenfean-Noard en Drachten nei Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)