Drachtsters pakt foar oanriding

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa Drachtsters fan 25 en 26 jier oanhâlden dy't moandei yn Surhústerfean twa minsken oanriden ha. De mannen hiene yn Surhústerfean nei de kroech west doe't se spul krigen mei minsken op strjitte.
De twa stapten yn 'e auto, rieden fol gas achterút en rieden in 17-jierrich famke oan. Doe't omstanners de auto keare woene, kaam in 22-jierrige jonge út Droegeham ûnder de auto. Beide binne oerbracht nei it sikehûs.