Premy foar tûzen Ljouwerters

07 jun 2006 - 11:27

Ljouwert hâldt der rekken mei dat sa'n tûzen minsken dy't earder in bystânsútkearing hawn hawwe, jild opfreegje sille by de gemeente. It giet om minsken dy't nei de bystân al wer langere tiid wurk hawwe.

Sy kinne oanspraak meitsje op in aktivearingspremy fan de gemeente fan maksimaal twatuzen euro om minsken mei in bystânsútkearing te stimulearjen oan it wurk te gean. De gemeente wol ophâlde mei dizze aktiveringspremy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)