Kamera's en blowferbod

07 jun 2006 - 10:31

Der komme kamera's en in blowferbod by multifunksjoneel sintrum it Vlechtwerk yn Noardwâlde. Dat hatde ried fan Weststellingwerf besletten.

De maatregels moatte de oerlêst fan de jeugd dy't by it Vlechtwerk omhinget, beheine. Kamera's moatte previntyf wurkje op bygelyks hannel yn drugs en oare kriminaliteit. Om't blowen oerlêst jout, wurdt dat ek oan bannen lein. De feilichheid by it Vlechtwerk moat dêrtroch fergrutte wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)