Rjochtsaak oer help selsdeading

07 jun 2006 - 10:23

Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinne tiisdei in saak oer help by selsdeading. In 43-jierrige man moast dêr foarkomme, omdat er jonge in frou holpen hie by har selsmoard. Dat wie july ferline jier yn Drachten.

De fertochte hie de frou holpen om in pistoal oan te skaffen. Justysje fertinkt him der ek fan dat er útlis jûn hat oer hoe't it wapen wurke. De rjochtbank moat no útmeitsje oft de fertochte strafber is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)