Wurkstraf foar âld-rjochter
In 48-jierrige âld-rjochter fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert is feroardiele ta 80 oeren wurkstraf en trije moanne selstraf op betingst. De rjochtbank yn Swolle jout him dy staf foar it mishanneljen fan syn Oekraynske freondinne.
De rjochtbank hat de âld-rjochter frijsprutsen fan besykjen ta deaslach. Tsjin de man wie seis moanne selstraf ûnder betingst en 240 oeren wurkstraf easke.