Plysje foar NSB'er útskolden

06 jun 2006 - 17:51

In man út Tsjom is Pinkstermoandei oanhâlden om't er in plysjeman foar NSB'er útskolden hie. De 23-jierrige siet as passasjier yn in auto dy't oanhâlden waard. De bestjoerder moast blaze, mar hie neat dronken. Ien fan de ynsittenden misledige de plysje, mar dy kaam derôf mei in warskôging. Doe't de auto fierder ride mocht, rôp de 23-jierrige noch 'NSB'er'. Dat naam de plysje net en de man is ynsletten op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)