Enerzjyprojekt op skoallen

© Omrop Fryslân
De gemeente It Hearrenfean begjint in projekt om enerzjy te sparjen op skoallen. Troch de wettertemperatueren yn CV-ynstallaasjes better yn te stellen hopet de gemeente 15 % minder gaskosten te hawwen.
Alle skoallen yn de gemeente binne útnoege mei te dwaan oan it enerzjyprojekt. In monteur komt del om de CV's sa yn te stellen dat de trochstreaming fan wetter optimaal is en de waarmte goed ferdield wurdt.