Motorrider ferwûne by tocht

06 jun 2006 - 11:47

In 31-jierrige motorrider út Sint Nyk is moandeitemoarn slim ferwûne rekke by in oanriding by De Hommerts. It ûngelok barde op de Jeltewei.

De motorrider die mei oan de Alvestêdetocht en helle in auto yn dy't ek op de Jeltewei ride. Op datselde momint sloech de autobestjoerder ôf nei links en rekke dêrby de motorrider. Dy is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)