Motors ek by de stêden lâns
Ek in soad motorriders binne moandei op in paad gien by de alve stêden del. De motorriders dogge dat al foar de 71e kear. De motortocht wurdt organisearre troch de Friesche Motorclub.
Neist 3600 motorriders dogge der ek noch 110 minsken op in Solex en 125 minsken yn in auto mei. De start wie by it FEC yn Ljouwert.