Jong Oranje kampioen fan Europa

05 jun 2006 - 17:47

Jong Oranje is sneintejûn yn Portugal Europeesk kampioen wurden. De ploech fan trener Foppe de Haan wûn de finale mei 3-0 fan Ukraïne. Huntelaar sette mei twa goals yn de earste helte Nederlân op in 2-0 foarsprong. Hofs makke yn de blessueretiid de 3-0.

Nederlân begûn net goed oan it toernoai, mar begûn hieltiten better te spyljen. It is de earste kear dat in Nederlânske jeugdploech in grutte priis wint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)