Bunker Grou wurdt leechhelle

05 jun 2006 - 14:02

De bunker fan de eardere BB, Beskerming Befolking, yn Grou wurdt takom wike leechhelle. It is de grutste net-militêre kommandobunker fan Nederlân. De bunker út 1960 is no noch hielendal yn âlde steat.

Eigner KPN wol de ynboedel nije wike ophelje litte troch in opkeaper. Leafhawwers fan de stifting 'Nationaal College Bescherming Bevolking' binne mei de Pinksterdagen dwaande om foar har nijsgjirrich guod te rêden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)