Bart Helmholt winner fierljeppen

05 jun 2006 - 13:05

Bart Helmholt is sneontejûn by de earste fierljepwestriid fan it seizoen yn It Heidenskip de winner wurden by de senioaren. Syn bêste sprong wie 18,48 meter. Syn oare sprongen wiene ek oer de 18 meter. By de jonges wie Sjoerd Hobma de winner.

By de froulju wie Janneke Noordmans de bêste. Hannes Scherjon wie de winner by de A-junioaren. It wie de 1e kear dat der mei karbonpolsstokken ljept wurde mocht yn plak fan aluminium.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)