Keunstrûte Koudum iepene

© Omrop Fryslân
Foar de tredde kear is sneon yn Koudum de Keunstrûte iepene. Troch it hiele doarp binne bylden te sjen, fan ferneamde keunstners, learlingen fan it Bogermankolleezje en fan kursisten fan it Byldhousintrum Koudum.
Dat sintrum is ek de organisator fan de Keunstrûte. De kulturele kuiertocht moat mear toeristen nei Koudum lûke. De bylden binne te sjen oant en mei 10 septimber.