Nije huzen yn Tytsjerk

04 jun 2006 - 14:58

Der komme 14 huzen op it plak fan garaazjebedriuw AutoSchat oan de Buorren yn Tytsjerk. De gemeente Tytsjerksteradiel wurket oan in plan dêrfoar. De gemeente fynt dat it autobedriuw net goed yn de beboude kom past.

It autobedriuw soe neffens de plannen ferhúzje moatte nei Burgum. Ek op de saneamde lokaasje Walda yn Tytsjerk soe plak wêze foar twa wenten. De ried moat noch in beslút nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)