Objekten Ut 'e keunst yn museum

© Omrop Fryslân
De hichtepunten út it Omrop Fryslân- televyzjeprogramma 'Ut 'e keunst' binne fan sneon ôf te sjen yn it Frysk Museum. De objekten binne ferspraat troch it museum te sjen. Yn 'Ut 'e keunst' wurde minsken dy't in bysûnder foarwerp yn 'e hûs ha, thús opsocht.
It giet om âlde en moderne keunst- en gebrûksfoarwerpen. Der binne ûnder oare in 19e ieuske kopy fan in Romeinsk byld, in sinnewizer en in beker fan keizer Franz Joseph te sjen.