Bromfytser ferwûne yn Koarnwert

© Omrop Fryslân
Op de Hayumerleane yn Koarnwert is sneontemiddei in brommerrider út Frjentsjer ferwûne rekke by in ûngelok. De 69-jierrige man waard ynhelle troch in autobestjoerder út Lexmond.
De brommerrider bleau net genôch oan de rjochterkant en kaam mei de earm tsjin de auto oan. De man rekke ferwûne oan de earm en is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.