Beima fyfde yn einklassemint

04 jun 2006 - 12:44

Marcel_Beima is yn it einklassemint fan de Volta Ciclista Tarragona as fyfde einige. De lêste etappe yn Spanje waard wûn troch Beima´s ploechgenoat Yvo_Kusters. Op seis sekonden waard in oare ploechmaat, Alain_van_Katwijk, twadde.

Beima kaam sels as alfde oer de einstreek. De Spanjaard Juan_Carlos_Carinena waard einwinner. Foar de Hurdegariper (22) wie dizze rittekoers in moaie tarieding op it NK op 24 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)