Minder dielnimmers Suderseetocht

04 jun 2006 - 12:36

In probleem mei de postbesoarging hat sneon foar flink minder dielnimmers soarge by de fyfde Sudersee Kuiertocht. Mei inoar 400 minsken diene mei, 300 minder as ferline jier. De organisaasje hie de fêste dielnimmers in útnoeging stjoerd, mar dy is noait oankommen.

It bestjoer siket út hoe't dat kin. De dielnimmers oan de Sudersee Kuiertocht gongen dizze kear fan Warkum nei It Heidenskip, Hylpen en wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)