Dei fan de Bou yn de provinsje

© Omrop Fryslân
It wie sneon drok op ferskate bouplakken yn de provinsje. It wie nammentlik de Dei fan de Bou. Minsken koene bygelyks sjen by de oanlis fan in akwadukt yn de Wâldwei. Belangstellenden waarden dêr mei bussen hinne brocht.
De nijsgjirrichheid fan de besikers wie grut. De bouwers wiene optein mei de grutte belangstelling. De Dei fan de Bou moat ek mear minsken lûke foar it fak.