Wild wint Middag-Humsterland

04 jun 2006 - 11:57

Kirsten Wild fan Zwolle wûn sneon de tredde wedstriid fan de topkompetysje hurdfytsen foar froulju: de omloop Middag-Humsterland yn Aduard. Bêste Friezinne wie Josephine Groenveld fan Folsgeare op it 7e plak.

De liedster fan it klassemint, Bertine Spijkerman fan Sint Nyk, wie belutsen by in falpartij yn de lêste trije kilometer en kaam as 20ste oer de einstreek. Wild stiet no boppe-oan yn it klassemint, foar Spijkerman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)