Harm Brouwer lilk op Nawijn

04 jun 2006 - 10:45

Net allinnich it iepenbier ministearje yn Fryslân, mar ek topman Harm Brouwer fan justysje is lilk op Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn. Yn it Algemeen Dagblad seit Brouwer dat er neat kin mei de wurkwize fan Nawijn.

Dy besiket mei in eigen ûndersyk om de moard op Marianne Vaatstra op te lossen. Foaral it feit dat Nawijn syn ynformaasje net diele wol mei justysje falt ferkeard by Brouwer. Nawijn soe ek de Fryske plysje kriminalisearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)