Yousef wint Ronde Oranjewâld

03 jun 2006 - 17:14

De Ronde fan Oranjewâld mei start en finish op It Hearrenfean is mei oermacht wûn troch Saher Yousef. De Feanster rûn de tsien Ingelske milen yn in nij persoanlik rekord fan 52 minuten en 53 sekonden.

Rudi van der Lelie út Jobbegea waard twadde op 1 minút en 35 sekonden fan de winner. Willem Faber fan Sint Anne kaam as tredde oer de einstreek. Lydia Klessens út Ljouwert wûn by de froulju yn in tiid fan 1.07,19.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)