Man (21) ferwûne by stekpartij

© Omrop Fryslân
Yn de buert fan de Stasjonsstrjitte yn Easterwâlde is yn de nacht nei sneon in man fan 21 jier ferwûne rekke by in stekpartij. It wie al de hiele nacht ûnrêstich yn dy buert. Earder krige de plysje in melding fan in grutte fjochtpartij.
It slachtoffer fan de stekpartij is in ynwenner fan Easterwâlde. Hy is mei ferwûnings oan de búk nei it sikehûs brocht. De plysje docht noch fierder ûndersyk.