Laweiplein Drachten feiliger

© Omrop Fryslân
It Laweiplein yn Drachten is feiliger wurden. Dat blykt út in evaluaasje fan de NHL yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân. It plein is sûnt de simmer fan 2003 yn gebrûk.
Ut in enkête oer it plein fan 2005 die wol bliken dat fytsers har net feilich fiele op it Laweiplein, omdat it plein mei opsetsin net-oersichtelik makke is, sadat gebrûkers better oplette moatte. Der komt miskien noch ekstra ferljochting by hege drompels.