Snorfytser (38) giet frijút

03 jun 2006 - 12:29

In snorfytser (38) út Ljouwert, dy't 2 jier lyn mei drank op de dyk op gong, giet definityf frijút. It kassaasje- berop tsjin de útspraak fan it gerjochtshof yn Ljouwert is ynlutsen.

It iepenbier ministearje wol de saak net langer foarlizze oan de heechste rjochtsynstânsje fan Nederlân. Earder sei it gerjochtshof al dat de man frijút gong. Net omdat er net dronken hie, mar om't er oanhâlden wie troch in maresjaussee, en dat mei net samar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)