Menameradiel hat kolleezje

02 jun 2006 - 16:17

Menameradiel hat sûnt tongersdeitejûn in nij kolleezje en twa primeurs. It is it lêste kolleezje fan Nederlân dat ynstallearre is en it bestiet út fjouwer froulju: wethâlders Van der Meer, Van der Mei en Verdoner en boargemaster Van Delft.

It gong lykwols net fan herte. 5 fan de 15 riedsleden stimden tsjin it kolleezje omdat se twa wethâlders genôch fine. Fierder stimden sân riedsleden tsjin it kolleezjeprogram.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)