Snitser seesiler wer thús

© Omrop Fryslân
Seesiler Han Aarden fan Snits is wer sûn thús. Hy belibbe benaude mominten doe't syn syljacht op 22 maaie fergie midden op de Atlantyske Oseaan. Tegearre mei in maat soe er fan New York nei Nederlân sile.
By de wrâldferneamde Bermuda-trijehoek kamen de manlju lykwols yn in orkaan telâne. It skip sonk en leit no op fiif kilometer djipte. De beide manlju binne rêden troch de Amerikaanske marine.