Twa spilers fuort by Flyers

02 jun 2006 - 14:26

IIshockeyklub Vadeko Flyers is wer twa spilers kwytrekke. It giet om Bram Smulders en Paul Kroon. De 23-jierrige Kroon sil nei Grins. De ferdigener spile de lêste seis jier mear as twahûndert wedstriden foar de ploech út It Hearrenfean. Dit seizoen krige er lykwols net folle spylminuten fan coach Brian de Bruyn.

De 22-jierrige Smulders sil werom nei Geleen. De oanfaller spile foar't er nei Hearrenfean kaam ek al by dy klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)