Weening 36e yn Lúksemburch

02 jun 2006 - 10:19

Pieter Weening kaam tongersdei yn de earste etappe fan de Ronde fan Luxemburg as 36ste oer de einstreek. Hy siet yn in grutte groep dy't acht tellen achterstân hie op in sân man sterke kopgroep. De etappe waard wûn troch de Deen Allan Johansen.

Yn it algemien klasemint stiet Weening op it 23ste plak op 34 sekonden fan lieder Kim Kirchen. Karsten Kroon is op it achtste plak de bêste Nederlanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)